Frij Fryslân Ferbynt!

Frij Fryslân Ferbynt!

Hieltyd mear minsken bouwe oan in mienskip dêr 't elkenien én ús natuer yn respektearre wurde. De minsken yn Frij Fryslân en in soad oare regio’s kreëarje mei dy beweging weagen dêr ’t wy mei-inoar in oare koers op farre. Dêrtroch ûntsteane ferbinings, ideeën foar nije gearwurkingsfoarmen en konkrete projekten dy't sjoen wurde kinne as de earste tsjûgenissen fan dy nije mienskip.

Wolst ek ferbine?

Wolst ek meidwaan en dy ferbine mei minsken om dyn wenplak hinne of bydrage oan relevante tema’s? Frij Fryslân lansearret de 'Frij Fryslân Ferbynt' kampanje om de groei fan kontakten tusken minsken en kennisgroepen aktyf te stimulearjen.

Regioferbiners 

Der steane yn eltse regio yn Fryslân Regioferbiners klear om minsken dy 't op syk binne nei kontakt mei oaren - of dat no is foar it persoanlike kontakt of foar it gearwurkjen oan tema’s, lykas iten, sûnens en ûnderwiis - mei-inoar te ferbinen. Dy regio’s falle op dit stuit gear mei de hjoeddeistige gemeenten (sjoch it formulier foar in oersjoch ). Sadree'tst dy opjoust, komt dyn oanmelding terjochte by in Regioferbiner by dy yn 'e buert. Dy sil kontakt mei dy opnimme om yn 'e kunde te kommen of dyn gegevens nei de Lokale Ferbiner yn dyn wenplak of - wyk trochstjoere. Noch net elts doarp of wyk hat in lokale ferbiner. Fynst it leuk om mei te bouwen oan dit netwurk? Dan kinst dy hjir ek foar opjaan fia it oanmeldformulier.

Temakearngroepen 

Binnen Frij Fryslân binne tema’s definiearre, dy 't boustiennen leverje foar ús nije mienskip. Om dizze tema’s fierder út te wurkjen, binne der Fryslân-brede temakearngroepen opstart dy 't besteane út eksperts, spesjalisten en ûnderfiningssaakkundigen. Sy tinke nei oer en wurkje oan mooglike oplossingen foar ús allegear. Ek kinne se lokale groepen dy 't mei deselde tema's dwaande binne stypje en mei-inoar yn kontakt bringe. 

Hast in soad kennis fan in bepaald tema en wolst graach aktyf meitinke en - wurkje yn in temakerngroep? Dan kinst dit oanjaan by dyn oanmelding.

Hoe ferrint de kampanje?

Do kinst dy ynskriuwe foar temakearngroepen en foar ferbining mei minsken yn alle gemeenten yn Fryslân. De Regioferbiners steane klear om oanmeldingen te ferwurkjen en minsken te wurd te stean. 

Mei-inoar bouwe 

Mei dizze kampanje bouwe wy fierder oan in web fan ferbiningen, wêryn't minsken elkoar fine en gearwurkje kinne. Sa bouwe wy fan ‘ûnderop’ oan ús nije wrâld mei beslissingsfoech by de bouwers en oare direkt belutsenen.

Hast fragen of opmerkingen?

Der sitte in soad minsken en teams klear om kontakten te lizzen en support te bieden. Hâld der rekken mei dat dit allegearre minsken binne dy ‘t frijwillich harren bydragen leverje. Wy binne in learende organisaasje en der is in soad yn beweging. Soms kin it even duorje ear’t jo wat hearre. Mocht der wat mis gien wêze of hast oanfollingen, stjoer dan in berjocht nei info@frij.frl.

Help mei mei dizze kampanje!

Kenst minsken yn de neamde regio’s / gemeenten dy ’t ek op syk binne nei kontakt? Stjoer se dan dit artikel troch.

Oanmelde

Kinst dy oanmelde mei ûndersteand formulier. 

links by dit artikel

Vragen? Mail ons!