Frije Sjongers

Frije Sjongers

Der is dúdlik in nij tiidrek begûn. In tiid dêr’t parallelle struktueren ûntsteane. Organysk foarme. In tiid dêr't lykstimde minsken inoar mei gemak fine en dêrby ek mear ferbining ûnderfine. Op ferskate plakken yn Fryslân wurde koaren oprjochte. Dit artikel giet oer ien fan dy koaren.

Sjonge sûnder opleine regels, yn frijheid

Hieltyd mear minsken fine dizze jûn it ljochtpuntsje yn de wike. In byienkomst dy't ferbining, hope en wille jout! Wy hawwe der bewust foar keazen om tagonklik te wêzen foar elkenien. In machtige mjuks fan betûfte sjongers en oankommende sjongers.

'Sjongende minsken binne blide minsken'

Tweintich jier lyn wie dat in sitaat út myn mûle, dêr wie ik my doe al wat bewust fan. Troch de omstannichheden dy’t der no binne en de tiidgeast is dy sin lykwols noch nea sa sterk field as no. Jo kinne der in hiel wittenskiplik basearre analyze op loslitte. In ferhaal oer endorfinen en de ynteraksje tusken de linker en rjochter harsenshelte. Bottom line: sjongen makket lokkich.

Ein oktober '21 kaam foar it earst in lyts groepke entûsjaste sjongers byinoar. Ut it ‘neat’ wei waard boud. We repetearren yn in kelder, yn in bedriuwskantine, yn de keuken fan ien fan de leden.

En alle wiken wer wurdt dúdlik wat it sjongen mei ús dwaan kin. Sawol letterlik as figuerlik ôfstimme op elkoar. It is besmetlik. In lytse trije moanne letter stiet der in koar fan mear as fjirtich leden. Dêrtroch komme minsken letterlik wer it hûs út om te belibjen wat it libben de muoite wurdich makket. Lit ús mar sizze dat wy net mear yn 'e gemiddelde keuken passe. Wy binne dan ek tige bliid dat der no in fantastyske lokaasje fûn is.

Omdat minsken út eigen krêft hannelje doare, hat de organisaasje him ek tige organysk ûntwikkele. In entûsjast coachende foarsitter dy't bergen wurk ferset. In koarlid dat syn eigen tekst skriuwt op in besteande meldij. In pianiste dy't geweldich yn har eigen krêft komt. Entûsjaste frijwilligers dy't har spontaan ynskriuwe foar de oprjochtingskommisje. Dat binne allegear foarbylden dy't wat my oanbelanget in earste foarsichtige prelude foarmje foar in nije tiid. In tiid dy’t wy sels foarmjouwe!

Hast ek belangstelling om te sjongen? Of benijd nei mear ynformaasje? Gean nei de Telegramgroep fan de Frije Sjongers https://t.me/aanmeldenfrijesjongers of mail nei frijesjongers@protonmail.com.

links by dit artikel

Vragen? Mail ons!