Libbenewiis: magyske gearwurking foar bernetalinten

Libbenewiis: magyske gearwurking foar bernetalinten

Heal april 2020 kamen wy byinoar mei tolve lykstimde froulju om't wy net tefreden wiene mei it hjoeddeiske ûnderwiis. Yn dy gearkomste waard in kearnteam fan seis froulju foarme. Wy woenen allegear itselde: in moai en feilich plak meitsje foar bern. In plak dêr't it natuerlike learfermogen sintraal stiet yn ferbân mei it hert, inoar en de natuer. Omdat wy krekt itselde woenen en tochten, kaam alles fansels. Wy hienen yn koarte tiid in webside, in logo en in skoalplan manifestearre en sochten om in lokaasje. Yntusken hawwe wy ynformaasjegearkomsten holden en al gau kamen we op it maksimum tal learlingen.

Alles stiet of falt mei yntrinsike motivaasje

Wy konstatearren dat in protte bern fêstrinne yn it reguliere systeem. Yn dat systeem wurdt it natuerlik learfermogen en de kreativiteit behindere. Yn de groepen 1 en 2 kin in bern ridlik 'wêze' en fan dêr út leare. Op it momint dat in learling nei groep 3 giet, kin it net mear 'wêze' want it moat him oanpasse. Hy/sy krijt de stof oanbean, moat efter it taffeltsje sitte en stil wêze. Om't de learling him kontinu oanpasse moat, komt er hieltyd fierder fan syn essinsje, syn 'ik', ôf te stean. It bern ferliest yntrinsike motivaasje en kreativiteit. Dat hat grutte gefolgen foar it gelok, it selsbetrouwen en de ûntwikkeling.

‘Do wurdst net wat, do bist al’

Wy witte dat elk bern al 'is' mei al syn/har unike talinten en jeften. Alle kadootsjes binne al yn it bern oanwêzich. It moat allinnich de romte krije en fasilitearre wurde om de kadootsjes út te pakken. En om te ûntdekken: 'wa bin ik?, wat binne myn talinten?, wat makket dat myn hert flugger begjint te klopjen?’. 

Leare en ûntwikkelje op Libbenewiis

Alle dagen wurde aktiviteiten oanbean dy't passe by de perioade (seizoen) en it tema. As learlingen op dat stuit in oar ferlet hawwe, wurdt it oanbod oanpast. Sa bliuwe wy ticht by de bern en stypje en fasilitearje wy de yndividuele ûntwikkeling.

Dêrneist slute de aktiviteiten dy't oanbean wurde oan by de maatskippij. In goed foarbyld is te learen om selsfoarsjennend te wêzen mei in eigen grientetún. Of om eigen ynkommen te generearjen troch hutspotpakketten te ferkeapjen. De basisfeardichheden lykas lêzen, skriuwen, rekkenjen, ensfh. wurde op in yntegrearre wize oanbean. De yngrediïnten foar de hutspotpakketten wurde weage en ynpakt. Der wurdt in resept skreaun en by it ferkeapjen moat it jild wiksele en teld wurde. As lêste wurdt de omset opteld en wurdt de nettowinst berekkene. De studinten sparje de winst fan de ûndernimmersprojekten op. Oan 'e ein fan it skoaljier kinne se dan mei de hiele groep meielkoar in aktiviteit útkieze om te dwaan.

Us ideale Libbenewiis plak

Libbenewiis is op it stuit fêstige yn in gebou yn Ljouwert. Wy binne tige tankber foar dizze lokaasje, mar de lokaasje is net Libbenewiis. It Libbenewiis dreamplak leit yn en tichtby de natuer. Mei in itens-bosk, grientetún, bisten, natuerlike boarterstún, hutten fan wylgetûken en yurts. Koartsein: in betsjoenend plak dêr't bern de romte hawwe en fasilitearre wurde om harsels te ûntdekken en te ûntwikkeljen.

Libbenewiis, in B3 skoalle

Libbenewiis is ûnderwilens erkend as B3-skoalle. B3-skoallen ferskille yn grutte en edukatyf konsept fan troch de oerheid finansierde skoallen. Dat betsjut dat wy in net-bekostige skoalle binne en gjin subsydzje krije. Libbenewiis is ôfhinklik fan âlderbydragen en jeften. Om't wy net ôfhinklik wêze wolle, hawwe wy ús eigen label 'Levendewijs' op de merk brocht. Wy binne begûn mei klean makke fan biologysk katoen. Us klean is GRS, GOTS, OCS en PETA sertifisearre. Fia levendewijs.com kinst in moaie duorsume trui, hoodie of t-shirt keapje. Do kinst op lijstje.nl/libbenewiis ek boarters- en learmateriaal donearje oan Libbenewiis dat wy brûke kinne foar ús aktiviteiten.

Wat Libbenewiis ekstra bysûnder makket, is dat wy hielendal draaie op frijwilligers. Wy hawwe in prachtich  moaie groep bern, âlden, begelieders en mentoaren. Dat is wat it sa magysk makket ...

Team Libbenewiis