Demokrasy yn Frij Fryslân

Demokrasy yn Frij Fryslân

Frij Fryslân giet út fan direkte demokrasy: de befolking beslút sels oer ûnderwerpen. Dêrby giet it om it kiezen fan in folksfertsjintwurdiging, gemeenteried of wichtige oare funksjonarissen, om referinda, it kiezen fan de presidint fan de republyk en it lid-wurden fan de konfederaasje troch in bepaald gebiet.

Betrouwen yn de polityk

Ut in enkête fan maart 2021, mei yn opdracht fan Omrop Fryslân, die bliken dat de kleau tusken polityk en ynwenners grut is. Net mear as 18 % fan de ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte fielt him fertsjintwurdige troch polityk Den Haag. Se fine dat regionale ûnderwerpen en tema's dêr te min oan bod komme. Ynwenners fan de trije provinsjes ha it idee dat de provinsjes sjoen wurde as in wingewest. En by de Twadde Keamerferkiezings fan 2021 hawwe de hjoeddeistige regearpartijen CDA, VVD, D66 en CU yn Fryslân gjin  mearderheid krigen. Dat betsjut gjin legitimaasje fan de ynwenners fan Fryslân foar dit regear. 

Demokrasy begjint op lokaal nivo 

Yn Frij Fryslân giet it oars. Eltsenien dy’t de deklaraasje ûnderskriuwt docht mei yn de beslútfoarming. It bestjoer fan Frij Fryslân wurdt dan foarme troch keazen folksfertsjintwurdigers, begjinnend op it lokale nivo fan doarpen en wiken. De wize fan it tastânkommen fan dy folksfertsjintwurdiging en it regear sil letter ek ûnderwerp fan in referindum wêze.

Referinda 

It binend referindum heart ta de grûnslach fan Frij Fryslân. Foar de grutte saken wurde dêrta referinda (folksrieplachtingen mei dúdlike fraachstelling) ynfierd. It regear is dêrom a-polityk: hja fiere de troch de befolking keazen besluten út. De ynwenners fan Frij Fryslân sprekke har by referindum út oer it feitlik (of yn de mjitte hoefier’t hja dat wolle) dielnimmen oan ynternasjonale organisaasjes en ynstituten.

Digitaal lidmaatskip

It is de bedoeling om in ‘digitaal’ lidmaatskip fan Frij Fryslân mooglik te meitsjen foar elkenien út oare kontreien, dy’t de prinsipes fan Frij Fryslân ûnderskriuwt. Sa kinne jo ek Friezen om utens wer ferbine mei harren heitelân.