Sûnens

Sûnens

Frij Fryslân hat de potinsje om in blue zone te wêzen, in plak op ierde dêr’t minsken in gelokkich en lang en sûn libben hawwe. Dêrom wurdt yn Frij Fryslân de skaal werombrocht nei de minsklike maat. Nimmen wurdt útsletten fan de soarch. De sûnenssoarch wurdt fierders preventyf: minsken soargje der mei help en training foar dat se sûn bliuwe. En holistysk: benaderingen fan genêzing dy’t op dit stuit noch net mainstream binne mar al spektakulêre risseltaten boekt hawwe.

Fryslân as blue zone

Fryslân hat de potinsje om in saneamde blue zone te wêzen, in plak op ierde dêr’t minsken in gelokkich en lang en sûn libben hawwe. De Fryske mienskipssin komt al temjitte oan in tal fan de betingsten om in blue zone te wêzen. De sûnenssoarch fertsjinnet lykwols noch spesjaal omtinken. Dy wurdt op ‘e nij ynrjochte as in preventyf en holistysk oriïnteard systeem. 

Djoer en yneffisjent

Sûnenssoarch is op dit stuit djoer en de minsklike maat wurdt gauris út it each ferlern. Sikehuzen binne bedriuwen wurden, dy’t ek faljyt gean kinne. Spesjalisten binne mei har maatskippen bedriuwkes binnen in bedriuw. De farmaseutyske yndustry is in miljardebusiness, dy’t der eins op rjochte is om fan minsken libbenslange pasjinten te meitsjen. Dat lêste is aardich slagge: op dit stuit hat yn Nederlân 58% fan de ynwenners, of 9,9 miljoen, ien of mear gronyske sykten.

Sûnenssoarch op de skop

Sûnenssoarch kin dus op in hiel soad manieren oars. Yn it foarste plak is dat de skaal. Lytsskaligens bringt al in stik fan de minsklike maat werom. In oar wichtich punt is dat minsken net útsluten wurde fan soarch op basis fan hokker reden dan ek. 

Previntyf

Minsken wurde net as pasjinten sjoen, mar as folweardige minsken dy’t stimulearre wurde om harren sûnens safolle mooglik yn eigen hannen te nimmen. Trening, begelieding en foarljochting wurde oanbean yn eigen regio. 

Mear holistysk

Undersyk basearre op in mear holistyske benadering fan de minsk hat spektakulêre risseltaten opsmiten. De minsk is ta folle mear by steat as it gongbere medyske model foar mooglik hâldt. Tink bygelyks oan de risseltaten dy’t de Iceman Wim Hof behelle hat, en dêr’t yntensyf wittenskiplik ûndersyk op dien is. Hof blykte by steat om syn lichem te stjoeren op it nivo fan it auto-imuunsysteem, dêr’t altyd fan tocht waard dat dat ûnmooglik wie.  Dizze en oare benaderingen krije de romte yn Frij Fryslân.